Festival After Sunset op Skier

14 jul 2014 - 20:03
  • Fjoertoer op Skiermûntseach

Op Skiermûntseach wurdt 29 en 30 augustus foar de tredde kear it festival After Sunset holden. By de wettertoer fan it Waadeilân binne tal fan aktiviteiten organisearre om de tema's tsjusterens en hoarizonfersmoarging hinne. Neffens organisator Thom Verheul binne dat twa tema's dy't op it stuit tige aktueel binne. Der binne plannen om sawol in gasboarplatfoarm te pleatsen as in wynmûnepark. Skiermûntseach is hiel prachtich, mar ek tige kwetsber.

Minsken dy't it festival finansjeel stypje wolle, kinne dat dwaan fia de webside Voor De Kunst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)