Stakingsdriging taksyferfier

Taksy Oenema © Omrop Fryslân, Onno Falkena
As Alliade foar snein 24.00 oere neat fan him hearre lit, komme der op 23 july stakings. Dat seit FNV Bondgenoten. Moandei wiene der ûnderhannelings oer de kwestje by taksybedriuw Oenema op It Hearrenfean, mar dy hawwe neat opsmiten.
De banen fan hast 200 Fryske taksysjauffers steane faai no't soarchgroep Alliade it ferfier fan minsken mei beheinings dwaan lit troch it bedriuw Taxi Klomp út Ede.