30 moanne sel foar Stynsgeaër

© Omrop Fryslân
In 76-jierrige man út Stynsgea hat fan de rjochter 30 moanne finzenisstraf krigen foar wapenbesit en it bedriigjen fan de plysje. Fan dy straf is 10 moanne ûnder betingst. De offisier fan justysje hie trije jier sel easke.
Doe't de plysje ein 2013 de man ophelje woe, omdat hy foarkomme moast foar it ferwaarleazjen fan syn bisten hat er de plysje bedrige mei in masinegewear. Njonken de finzenisstraf hat de man ek in proeftiid fan trije jier krigen. Hy moat nei de finzenisstraf behannele wurde en begelieding krije by it wenjen.