Foppe fernuvere oer Messi

Foppe de Haan is fernuvere dat de Argentyn Messi spiler fan it WK 2014 wurden is. Arjen Robben hie de titel krije moatten: "Robben hat in fantastysk toernoai spile". De Haan seit dat it Nederlânsk alvetal de ferwachtings fan de measte minsken oertroffen hat. Oranje mei grutsk weze op it teamgefoel.
De âld-trainer sjocht posityf foarút nei it Europees kampioenskip fan 2016. De jonge spilers hawwe neffens him in geweldich toernoai spile. Sy hawwe noch de tiid om troch te groeien: "It fûnamint is goed", neffens De Haan.