Wer selstraffen Cambuurfans

De rjochtbank yn Ljouwert
Op 'e nij moatte Cambuursupporters de sel yn foar de ûngeregeldheden by it stadion fan april. Dy brutsen út nei it bekend meitsjen fan de oerstap fan trainer Dwight Lodewegs nei SC Hearrenfean. Twa relskoppers krigen seis moanne finzenisstraf, wêrfan de helte ûnder betingst. Twa oaren krigen fjouwer moanne sel, wêrfan twa ûnder betingst. Fiif Cambuurfans hawwe wurkstraffen krigen fan 80 oant 120 oeren.
Eardere binne ek al selstraffen oplein oan fjouwer oare Cambuursupporters foar it bedriigjen fan de trainer.