'Drankkontrôle: te min jild'

14 jul 2014 - 12:00

Fryske gemeenten hawwe te min budzjet om de alkoholferkeap oan jongerein ûnder de 18 jier goed kontrolearje te kinnen. Dat seit boargemaster Arie Aalberts fan de Feriening fan Fryske Gemeenten.

Foarsitter Corné van de Erve fan de Fryske ôfdieling fan it Hoarekabûn sei dit wykein dat der kwalik wat dien wurdt tsjin kafees en winkels dy't alkohol ferkeapje oan jeugd ûnder de 18. Sûnt dit jier binne gemeenten ferantwurdlik foar de kontrôle. Earder die it ryk dat.

Aalberts seit dat de alkoholproblematyk ûnder jongerein net allinnich troch de gemeente oplost wurde kin. De hoareka en âlden spylje dêr ek in wichtige rol yn. Fierders soe it no noch te betiid wêze om sizze te kinnen oft de nije wet goed wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)