'K-monokside troch barbekjû'

14 jul 2014 - 11:49

De koalmonoksidefergiftiging fan snein yn Surhústerfean komt nei alle gedachten troch in barbekjû. De brânwacht hat yn de cv-ynstallaasje fan it hûs gjin mankeminten fûn.

De bewenner fan it hûs oan de Ds. Boekholtstrjitte hat de barbekjû nei it brûken ôfdutsen en binnendoar set. Yn de ôfdutsen barbekjû hat nei alle gedachten ûnfolsleine ferbrâning plakfûn. Dan komme der fergiftige dampen frij dy't net rûkt wurde kinne. De bewenner waard alarmearre troch de koalmonoksidemelder. Hy is mei klachten oer pineholle nei it sikehûs brocht.

Omdat de konsintraasje koalmonokside yn de troffen wente heech wie, hat de brânwacht ek mjittings dien by de buorlju. Yn ien fan dy huzen wie sprake fan lichte ferheging. Alle huzen binne goed luchte en doe wie de situaasje wer feilich.

De troffen wente is fan Stifting Wenningbou Achtkarspelen. Dy wol no yn alle huzen in koalmonoksidemelder hawwe. De bewenner is moandeitemiddei wer thúskaam út it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)