Snitser mei auto oer de kop

14 jul 2014 - 11:02
  • Plysje

In 38-jierrige man út Snits is sneintemiddei ferwûne rekke by in iensidich ûngelok by Skarsterbrêge. De man is nei alle gedachten yn sliep fallen achter it stjoer, wêrtroch't de auto tsjin de fangrail botste. De auto skeat oer de fangrail en fleach dêrnei oer de kop.

De man is mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)