Hurdfarders op de bon

14 jul 2014 - 10:58

De wetterplysje hat dit wykein ferskate kontrôles hâlden op de wetters yn Súdwest-Fryslân. Dêrby waarden hurdfarders ekstra yn de gaten hâlden. Fiif rappe skippers waarden op 'e bon slingere.

Fierders waarden motorboaten mei wetterskys derefter ek kontrolearre. Dêr hiene alle skippers de saken goed foarinoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)