Blog: Triennen op in fuotbalfjild

14 jul 2014 - 07:45
  • Utsjoch fan de Sûkerbôleberch ôf
  • NOS-team IBC
  • Mei de Belgen de finale sjen
  • Alles moat ynpakt wurde

Triennen op in fuotbalfjild. De beslissing is fallen. Dútslân is de nije wrâldkampioen. Spilers gûle fan gelok. Lionel Messi koe syn lân de titel net bringe, Argentynske triennen fan fertriet. We hawwe de finale tegearre mei de Belgyske kollega’s besjoen, in moaie ôfsluter. Mei in foldien gefoel brekke wy no ôf yn it IBC. Hast 40 dagen hiene wy hjir ús basis en mear as 10.000 fideos fan trainingen, wedstriden, ynterviews en parsekonferinsjes kamen foarby. It hat moai west, ik sjoch der nei út om wer lekker nei hûs ta te gean.

Sneon 7 juny begûn it aventoer en stapte ik yn it fleantúch nei Rio de Janeiro. Spannend, ik wist net rjocht wat ik ferwachtsje moast en koe de kollega’s allegear noch net sa goed. Mar yn fiif wiken hawwe wy in machtich moaie ploech foarme. De earste wiken wie it hurd wurkjen, mar geandewei it toernoai koene we mei ús allen ek wat útstapkes meitsje. We ha de sfear fan it toernoai sa goed mooglik opsnúfd.

Rio de Janeiro is in prachtige stêd. As jo ea de kâns hawwe om derhinne te gean, dan soe ik dêr gebrûk fan meitsje. It útsjoch fan de Sûkerbôle-berch (Pão de Açúcar) is fenomenaal. It Kristus-byld is yndrukwekkend. De tsjinstellings yn de stêd binne grut. Oan de iene kant it it lúkse libben oan de Copacabana en oan de oare kant de favela’s. Der binne ek minsken dy’t it in stik minder hawwe as wy. Mar oer it algemien falt ien ding op: se laitsje in protte en binne gelokkich mei wat se hawwe. Hielendal as dat in bal is.

Want Brazilië, of yn elts gefal Rio de Janeiro, azemet fuotbal. Oeral rôlet de bal. Op it strân, op strjitte en op fjildsjes troch de hiele stêd. Fan moarnsbetiid oant jûns let, dit lân libbet foar it fuotbal. “En dan oer fjouwer jier nei Ruslân en dêrnei nei Katar, dat kin dochs nea sa moai wurde as hjir yn Brazilië?”, ha wy ús lûdop ôffrege. Ik tink it net. Mar we sille it sjen.

Dizze ûnderfining pakke se my yn elts gefal net mear ôf. Ik ha genoaten fan begjin oant ein. It kontakt mei alle ferskate bûtenlânske kollega’s, it optreden op de Italiaanske tillevyzje, de heale finale tusken Nederlân en Argentinië: it koe net op. Ik bin de NOS tankber dat ik de kâns krigen ha om it fan tichtby mei te meitsjen. It wie in prachtich toernoai en oan de ein… winne de Dútsers!

Jan Vincent van Zuiden
Twitter: @JVvanZuiden

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)