Oldtimerskippen yn Frjentsjer

13 jul 2014 - 16:53

Yn de binnenstêd fan Frjentsjer waard snein foar de twadde kear in oldtimerfestival foar skippen hâlden. Der wiene yn mei-inoar sawat tritich âlde skippen wêrûnder in restaurearre salonboat fan hûndert jier âld út de stêd sels. Op de fêste wâl wiene ek noch goed hûndert oldtimers en klassike auto's te sjen en in lytse santich trekkers.

Mei-inoar kamen der sawat tsientûzen minsken op it evenemint of. Oer twa jier wol de organisaasje noch wer fierder groeie.

Trefwurden: 
Frjentsjer skippen oldtimers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)