Koster fyfde op EK yn Nyon

13 jul 2014 - 16:40

Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen is sneon fiifde wurden op it EK ûnder de 23 jier yn it Switserske Nyon. De winst gong nei de Nederlânse Sabrina Stultiens fan de Rabobank-Liv-ploech.

Stultiens wist mei de Italiaanse Elena Checcini en de Fransêze Anabelle Dreville te ûntsnappen út it peloton. De Italiaanse einige as twadde en tredde waard de Frânske hurdfytster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)