Fyfde oerwinning foar Wagenaar

Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra hawwe by de frijeformaasjekeatspartij yn Sint Anne snein harren fyfde oerwinning fan it seizoen pakt. Yn de finale wie it trijetal mei 5-2 en 6-2 te sterk foar Nynke Sinnema, Marte Altenburg en Renske Terwisscha fan Scheltinga. De lytse preemje wie foar Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra.
Lisette Wagenaar waard op it keatsfjild fan Sint Anne ta keninginne útroppen.