Ankelblessuere foar Terpstra

13 jul 2014 - 14:45
  • Cornelis Terpstra

Keatser Cornelis Terpstra is snein by de frijeformaasjepartij yn Boalsert blessearre rekke oan it ankel. Hy rûn yn Nijewier ek alris in kwetsuer oan it ankel op. Terpstra sil fuortendaliks behannele wurde om sa gau mooglik wer yn it fjild stean te kinnen. De trochinoarlotsjen-partij fan woansdei yn Minnertsgea sil er nei alle gedachten misse moatte.

Terpstra rekke yn 2006 swier ferwûne by in kitesurfûngelok yn Warkum. Dêrby rûn er earnstich letsel op oan spieren, pezen en bannen yn syn lofterskonk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)