De Ruiter: brûns sterkste man

Kelvin de Ruiter fan Surhústerfean hat sneon de brûnzen medalje wûn by de wedstriid Sterkste Man fan Nederlân. De 25-jierrige atleet is dêrmei de sterkste man fan Fryslân.
Alex Moonen út it Limboarchske Schinveld wûn de wedstriid yn Meppel. Hy folget dêrmei Jitse Kramer út Ljouwert op. Kramer wie ferline jier de sterkste man fan Nederlân, mar hy koe syn titel no net ferdigenje fanwege in blessuere.