Heit en bern mei sin oanriden

13 jul 2014 - 10:17
  • Plysje

In 64-jierrige man út de gemeente Menameradiel is snein oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. De man soe in 34-jierrige oare man út deselde gemeente en syn dochter mei opset sin oanriden hawwe. It famke soe dêrby licht ferwûne rekke wêze. Dêrnei soene de manlju slaande deilis rekke wêze.

Doe't de 64-jierrige man mei in hammer op 'e proppen kaam, is in oare frou dertusken kaam en de plysje alarmearre. Hy is oanhâlden en fêstset. De oarsaak fan it ynsidint leit nei alle gedachten yn de relasjonele sfear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)