Blog: Sneon 12 july op de Vega Gamleby

12 jul 2014 - 21:09
  • De haven is yn sicht
  • Op it dek
  • Einliks wer op 'e wâl

Fjouwer oeren letter as gewoanwei wurde we wekker makke. De sfear oan board is ûntspannen no't wy net farre. Elkenien sjocht út nei de oankomst yn Frederikstad. In pear minsken nimme noch in frisse dûk foardat it anker omheech helle wurdt en wy fuortgean. Der moat noch wat dien wurde foardat wy yn de haven oankomme. Sa moat it skip nochris skjinmakke wurde en de hutten opromme. Wy meitsje noch in fideoklip op it nûmer 'Happy', wêrby't elkenien op it skip dûnset.

De oankomst yn Frederikstad is moai om te sjen. Der wurdt in soad nei ús swaaid en mei in nûmer fan "Pirates of the Carribean" op de achtergrûn, liket it as wy in hiele wrâldreis makke hawwe. As wy oan de kant lizze, stean wy nei seis dagen einliks wer mei ús fuotten op fêste wâl. It fielt nuver om gjin deining fan de weagen mear te fielen.

Ek al wiene we mar seis dagen ûnderweis, it fielt as hawwe wy folle langer fuort west. Troch ferskillende waarsomstannichheden en ferskillende minsken, hawwe wy in soad dingen belibbe.

Oan de begjin fan ús reis skreaunen we dat we in bytsje benaud, mar foaral hiel nijsgjirrich wiene. Doe't wy ien kear ûnderweis wiene, hawwe we hielendal net mear benaud west en geniete fan de geweldige reis. It is in hiele ûnderfining dy'tst net útlizze kinst. Do moast it meimeitsje om te witten hoe't it is. Wy riede it elkenien oan om ris mei te gean. Hoe klisjee ek, it wie in reis om nea te ferjitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)