Blog: Freed 11 july op de Vega Gamleby

12 jul 2014 - 20:53

No't de ein yn sicht is, komt foar alles in lêste kear. Sa seagen wy fan 'e moarn foar de lêste kear de sinne opkommen fan it skip ôf. Alle dagen betiid derôf wie swier, mar wol de muoite wurdich. We sille de moaie moarntiden misse.

Doe't wy Harns ferlieten yn de rein, tochten we dat we de hiele wike min waar ha soene. Mar hjoed ha wy alwer in soad sinne en lizze wy yn bikiny op it dek. Middeis geane wy swimmen by it skip en meitsje kennis mei alle kwallen yn de see. Alle Sweden, Noaren en Finnen pakke se gewoan op en smite dermei, mar wy moatte der dochs wol even oan wenne. Mar in wike lang net dûse soarget derfoar dat wy der gewoan tusken yn springe. Mei in touljedder klimme we wer oan board en litte ús opdroegje op it dek.

Nei it swimmen farre wy noch in pear oerkes troch en is Frederikstad al yn sicht. Wy ite hearlik Tais en geane foar anker tichtby de haven. Ek dêr springe wy nochris yn it wetter, dizze kear sûnder kwallen gelokkich. It wetter is hearlik ferkuoljend en sels op dit lette tiidstip is it net kâld yn bikiny.

Wy lizze no foar anker en dêrom hoecht der net mear de hiele nacht wacht rûn te wurden. Elkenien is dêrom noch oant let wekker. Jûns kinne wy in film sjen, mar elkenien sjocht dochs leaver nei de sinne dy't ûndergiet. Mei wat popcorn derby ha wy in gesellige jûn mei-inoar. Der binne sels wat minsken dy't op dek sliepe sille, mar dat liket ús dochs wat te kâld. Wy sjogge út nei in gewoane nacht op in bêd dat net mear beweegd.

Trefwurden: 
argyf Tall Ships Races
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)