Ferdwûn Ald Beets werlibbet

12 jul 2014 - 17:28
  • Ald Beets
  • Op dit plak hat de tsjerke fan Ald Beets stien
  • Tsjerkhôf fan Ald Beets

It ferdwûne doarp Ald Beets stiet wer op de kaart. De gemeente Opsterlân set op inisjatyf fan de CDA-riedsfraksje plaknambuorden del,

Ieuwenlang lei Ald Beets tusken Beetstersweach en Nij Beets. De namme kaam al foar yn geskriften út de 14e ieu. Mar nei 1900 waard Beetstersweach hieltyd wichtiger. Yn 1958 waard de ryksdyk Hearrenfean-Drachten dwers oer it doarp hinne oanlein. Dat betsjutte de ein fan it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)