Helmholt wint tredde wedstriid

12 jul 2014 - 17:25

Bart Helmholt hat sneon de tredde wedstriid yn de nasjonale fierljepkompetysje wûn. It Súd-Hollânske Vlist sprong de Fries 20.81 meter. Twadde waard de Hollanner Jaco de Groot mei 20.19 meter en tredde de Fries Nard Brandsma mei 19.65. Troch de winst fan sneon is de foarsprong fan Bart Helmholt yn it klassemint grutter wurden.

By de froulju wûn de Friezinne Klaske Nauta mei 15.37 meter. Twadde en tredde waarden de Hollânske frouju Wendy Helmes en Jessica Snoek.

By de junioaren wie der ek in Fryske winner. Dêr waard Bobby Zwaagman earste mei in ljep fan 18.02 meter. Jan Teade Nauta waard tredde mei 16.09. Troch de winst fan sneon is Bobby Zwaagman no lieder wurden yn it klassemint by de junioaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)