Gelykspul H'fean-Almere City
SC Hearrenfean hat sneon de twadde serieuze oefenwedstriid mei 0-0 lyk spile. De Feansters kamen yn Havelte út tsjin Almere City. Neffens trainer Dwight Lodeweges kin der noch in hiel soad better by syn ploech, sa stiet te lêzen op de twitter fan SC Hearrenfean.
Hearrenfean wûn freedtejûn de earste serieuze oefenwedstriid, tsjin Telstar, noch mei 3-0.