Lêste Afganistanmissy werom

De lêste goed fyftich militêren binne sneontemiddei weromkaam út Afganistan. Under harren wie ek in grutte groep fan de Fleanbasis Ljouwert. De ûntfangst wie op de basis yn Eindhoven. Dêr hiet generaal Middendorp, de kommandant fan de striidkrêften, de weromkommers wolkom.
De luchtmacht hat mei-inoar sawat tolve jier aktyf west yn Afganistan. Dêr is no in ein oan kaam.