Lintsje foar Jacoba Koning

12 jul 2014 - 13:20
  • Lintsje

Jacoba Koning (60) út Aldeberkeap hat sneontemiddei by de iepening fan Iepen Stâl in keninklike ûnderskieding krige. Koning set har sûnt 25 jier yn foar de keunstrûte Open Stal. Sy is boppedat aktyf foar de Stellingwarver Skrieversronte, Stichting Roemenië, VAC Ooststellingwerf, basisskoalle De Tjongeling, soarchsintrum Rikkingahof en de Herbergier.

Boargemaster Harry Oosterman hat it lintsje oan frou Koning útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)