Dronken jonge bestjoerder

12 jul 2014 - 12:44

In begjinnend bestjoerder fan 19 jier út Súdwest-Fryslân is freedtejûn op It Hearrenfean syn rydbewiis kwytrekke om't er oant twa kear ta mei drank op efter it stjoer stapt wie.

De jongeman hie al in rydferbod krigen om't er te folle alkohol dronken hie, mar hy ried troch. De plysje hat him dêrom in twadde kear oanhâlden en him it rydbewiis ôfnaam.

Trefwurden: 
alkohol dronken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)