Snoeie tsjin seksrekreaasje

By rekreaasjegebiet Ulesprong by Sint Nyk binne doarpsbewenners struken oan it snoeien. Pleatslik belang hat de aksje op tou set, omdat it gebiet troch homo's faak brûkt wurdt as geheim moetingsplak.
De Ulesprong is it plak dêr't de doarpsbewenners altyd swimme. Se wolle dat plak no werom hawwe. In ploech bewenners is dêrom mei snoei-, hageskjirre en kettingseage dwaande der wer in grutte iepen romte fan te meitsjen. Nije wike sil de gemeente ek noch snoeie op it plak.