Doarpen helpe by RIVM-ûndersyk

It Ryksynstitút foar de Folkssûnens en Miljeu krijt by it ûndersyk nei de luchtkwaliteit yn Harns help fan in begeliedingsgroep. Yn dy groep sitte ûnder mear de pleatslik belangen fan Mullum, Winaam en Seisbierrum, de Harnzer Húsdoktersgroep en lânbou-organisaasje LTO.
De fynst fan dioksine yn aaien fan partikulieren yn Harns hat foar ûnrêst soarge by in part fan de ynwenners. Dêrom hawwe de gemeente Harns en de provinsje oan it RIVM frege de kwaliteit fan de loft yn en om Harns yn kaart te bringen.