Hearrenfean wint fan Telstar

11 jul 2014 - 22:26

Sportklup Hearrenfean hat de earste serieuze oefenwedstriid fan dit seizoen mei 3-0 wûn fan Telstar. Yn Akkrum wie de rêststân 2-0 troch twa goals fan de 19-jierige spits Pascal Huser. Nei rêst brocht Luciano Slagveer de einstân op 3-0.

Coach Dwight Lodeweges spile it earste oere mei in soad jonge spilers, dy't ferline jier benammen by de beloften of by de A-junioaren spilen. It lêste healoere wiksele hy tsien spilers, op keeper Noring nei. Nordfeldt wie troch famylje-omstannichheden yn Sweden.

Ferskate media melde dat Twente him melden hat foar Hakim Ziyech. Sawol Ziyech as de klup witte lykwols fan neat. Troch de mooglike transfer fan Tadic nei Southampton, soe Twente ynteresse ha yn Ziyech.

Opstelling earste oere:

Noring, Schmidt, Otigba, Streutker, Raitala, Chacon, Thorsby, Voest, Van Amersfoort, Huser en Wildschut.

Opstelling lêste healoere:

Noring, Marzo, Van Aken, Buijs, Van Anholt, De Roon, Van den Berg, Ziyech, Basacikoglu, Slagveer en Sinkgraven.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)