Vellinga de bêste yn Boalsert

Rianne Vellinga, Martine Tiemersma en Manon Scheepstra hawwe freed de trochinoar lotters keatspartij yn Boalsert wûn. Yn de einstriid wie it trijetal mei 5-3 en 6-4 Nicole Hempenius, Marte Altenburg en Bianca van der Veen de baas.
De lytse preemje wie foar Nelie Steenstra, Imke van der Leest en Anke Marije Pompstra, dy't mei 5-1 en 6-2 wûnen fan Lisette Wagenaar, Klasine Huistra en Renske Terwisscha van Scheltinga.
Yn de heale finale wûnen Vellinga en-dy mei 5-5 en 6-6 fan Lisette Wagenaar, Klasine Huistra en Renske Terwisscha van Scheltinga. Nicole Hempenius en-dy wûnen yn de twadde heale finale oertsjûgjend mei 5-0 en 6-0 fan Nelie Steenstra, Imke van der Leest en Anke Marije Pompstra.