Winst foar Van der Meulen
De frije formaasje keatspartij op It Hearrenfean is freed in proai wurden foar Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma. Yn de finale wie it trijetal mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra.