Rekôroantal tiken op Skylge

It tal tiken op Skylge is dit jier al heger as ea. Ferline jier waard in rekôroantal tiken teld op Skylge. Dat rekôr is no healwei 2014 al ferbrutsen. De húsdokters krije hieltyd faker minsken mei in tikebyt op it sprekoere en konstatearje dat de kenmerkende reade kring om in tikebyt hinne, earder te sjen is. Sa'n 20 persint fan de tiken draacht de besmetlike Borrelia-baktearje, dy't de sykte fan Lyme feroarsaakje kin.
Twintich jier lyn hiene sa'n 57 op de 100.000 ynwenners fan Nederlân ferskynsels fan Lyme. No binne dat 130 op de 100.000.
Henk de Jong fan Ljouwert wie yn 1990 ien fan de earste Nederlanners dy't ferstoar oan de gefolgen fan in tikebyt. Syn frou Marian ropt besikers fan natoergebieten nochris op: wês alert, en kontrolear josels op tiken.