Cambuur hiert Dejan Meleg

11 jul 2014 - 16:31

De 19-jierrige spits Dejan Meleg sil it kommende seizoen fuotbalje foar SC Cambuur. De oanfaller wurdt foar ien seizoen hierd fan Ajax. Earder al waard der spekulêre oer in transfer, mar dêr koe technysk manager Marcel Keizer fan Cambuur doe noch gjin útspraken oer dwaan.

Beide partijen binne freed ta oerienstimming kaam. De Serviër spilet sûnt 2013 by de Amsterdammers en waard by Jong Ajax topskoarder mei 12 doelpunten yn 27 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)