Bakkerij skoft ticht nei brân

Bakkerij Gosse Tjoelker yn Drachten bliuwt hast twa moanne ticht nei de fûle fan freedtemoarn. Taksateurs fan de fersekering ûndersykje freed de skea, mar wis is dat der in soad troch de brân fernield is.
Bakkerij Gosse Tjoelker hat yn it ferline in soad prizen wûn. It bedriuw waard yn 1985 foar it earst Frysk kampioen. Yn '90 en '91 pakte de bakkerij twa kear de nasjonale titel. Tjoelker waard 13 kear noardlik kampioen. It sil tusken de 5 oant 8 wike duorje oant de bakkerij wer iepen kin.