Linebeam Prinsetún fuorthelle

Skipfeart moat rekken hâlde mei beheining Prinsetún © Hedzer Klarenbeek
De linebeam dy't foar hinder soarge op de Dokkumer Ie tusken de Noarderbrêge en de Frouwepoartsbrêge by de Prinsetún yn Ljouwert is fuorthelle. Dat meldt Rykswettersteat. De beam drige om te fallen en dêrom waard freedtemoarn in part fan it wetter ôfset mei giele boeien.
No't de beam fuort is kin it skipsferkear wer gewoan oer de Dokkumer Ie farre.