Kastanjes Sleat wurde kappe

11 jul 2014 - 13:56

Yn Sleat wurde kommende moandei tsientallen beammen kappe. De 32 kastanjebeammen steane oan de súdkant fan it Sleattemer bolwurk. Troch sykte foarmje de beammen in gefaar foar de omjouwing. De omwenjenden hiene de gemeente de Fryske Marren al ferskate kearen frege om maatregels.

De kappe beammen wurde de kommende hjerst ferfongen troch linebeammen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)