Fearboat It Amelân stik trager

11 jul 2014 - 13:53
  • Lange rigen foar de fearboat nei It Amelân

Fearboat De Sier, dy't tusken Holwert en It Amelân fart, kampt mei motoryske problemen. Dêrom moatte minsken dy't mei dy boat reizgje rekken hâlde mei in fertraging fan fyftjin oant tweintich minuten. By ien fan de fjouwer motoren fan it skip binne problemen mei in silinder. Der wurdt troch rederij Wagenborg op dit stuit hurd oan wurke om dit op te lossen.

Fanwege dit mankemint fart De Sier minder hurd as ornaris. It is noch net dúdlik wannear't de fertraging foarby is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)