Feanster rydt 120 km troch wyk
De plysje fan It Hearrenfean hat freedtemoarn it rydbewiis fan in 34-jierrige Hearrenfeanster ynnaam. De man ried mei 120 kilometer de oere oer De Zanden yn de wenwyk mei deselde namme. De maksimumsnelheid op dat plak is 50 kilometer de oere is.
De plysje hat de man oan 'e kant set en it rydbewiis ynfoardere. Der is ek proses-ferbaal opmakke.