Frou botst op lantearnepeal

11 jul 2014 - 11:42
  • Ambulânse

In 42-jierrige automobiliste fan Deinum is tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok op de Westergoawei. De frou waard ûnder it riden net goed, ried oer in flechtheuvel en kaam yn de berm telâne. Dêr botste se tsjin in lantearnepeal.

Har twa bern, dy't ek yn de auto sieten, kamen mei de skrik frij. De frou is út de swier skansearre auto helle en nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)