Dochs sylkamp foar dupearren

11 jul 2014 - 10:59
  • Sylskoalle It Garyp

Minsken dy't in sylkamp foar har bern boekt hiene by it fallite Zeilscholen,nl, binne freed dochs oan harren fakânsje begûn. Ferskate Fryske sylskoallen hawwe de boekings fan de dupearre klanten oernommen. Sa kinne de bern dochs noch op sylkamp.

Ien fan de bedriuwen dy't bern oernimt fan Zeilscholen.nl is 't Garyp út Goaiïngaryp. Sy hawwe dizze wike fiif bern derby krigen. It sylskoalleseizoen is dizze wike echt losgien no't it noarden fan Nederlân simmerfakânsje hat.

Sylskoalle 't Garyp wie earder dit jier oernommen troch Zeilscholen.nl. Doe't Zeilscholen.nl fallyt gie hawwe de eardere eigeners it bedriuw wer weromnommen en trochset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)