'Lânbougif nije DDT-ramp'

11 jul 2014 - 07:16
  • De bij oan it wurk

Lânbougif soe ferantwurdlik wêze foar stjerte ûnder ynsekten en fûgels. Ek yn Fryslân. In grutte ramp foar de natoer, net allinnich foar bisten, mar úteinlik ek foar de minsk, seit heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma. Hy makket him al jierren soargen oer it gebrûk fan dit gif. Neffens Piersma is sprake fan in nije DDT-ramp, om't it gif lang yn it miljeu bliuwt. It gif is sûnt dit jier ferbean.

Joris Baecke fan LTO Nederlân wol sa fier net gean. It probleem is neffens him foaral dat der tefolle fan it gif yn it wetter komt.

LTO Nederlân hat dêrom in aksjeplan makke om it gebrûk fan it gif feiliger te meitsjen. Sa moatte eigeners fan kassen it brûkte wetter mei bestridingsmiddels earst skjinmeitsje, foardat it loasd wurde mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)