Ferkeap tsjerkelokaal Peazens

Stichting Oan 'e Dyk yn Peazens hat 17.500 euro provinsjale subsydzje krigen foar it keapjen en opknappen fan it tsjerkelokaal. It lokaal is de útfalsbasis fan de stichting. Oan 'e Dyk hiert it 200-jier âlde tsjerkelokaal al in tal jierren, mar wol it no graach fan de tsjerke oerkeapje.
Yn totaal is der in ton nedich om it gebou te keapjen, op te knappen en der in ekposysje op te setten. De subsydzje is bestimd foar it befoarderjen fan de leefberheid yn plattelânsgebieten.