Opknapbeurt klokkestoel Snits

De âlde klokkestoel op it Ald Tsjerkhôf yn Snits wurdt lang om let opknapt. De klokken binne der fan 'e wike úthelle, om't it net langer ferantwurde is se hingje te litten. De binnenkant fan de klokketoer sels sil yn it kommend healjier ek opknapt wurde. De goed 500 jier âlde toer stie al lange tiid op de nominaasje foar in opknapbeurt, mar it slagge earder net om de finansiering foarinoar te krijen.
De restauraasje kostet goed 140.000 euro en wurdt mei betelle troch de provinsje en de gemeente. Ein dit jier moat it wurk klear wêze.