Nij tydskrift oer toerisme

10 jul 2014 - 17:55

Hegeskoalle Stenden yn Ljouwert hat in nij tydskrift oer toerisme lansearre. Neffens it European Tourism Futures Institute fan de hegeskoalle is der grutte belangstelling foar ûndersyk nei de takomst fan toerisme.

It tydskrift, dat Journal of Tourism Futures hjit, wurdt makke yn gearwurking mei de Britske útjouwer Emerald. Yn it blêd stean wittenskiplike artikels oer toerisme, bygelyks oer hoe't de wettersportsektor yn Fryslân ek yn de takomst oantreklik bliuwt foar jongerein.

Lês hjir Journal of Tourism Futures.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)