De Wyldeman wer iepen

Kafee De Wyldeman op De Lemmer is hjoed nei trije en in heal jier wer iepengien foar publyk. De ferneamde herberch is in begryp yn Fryslân, foaral by skûtsjesilers en boatsjeminsken. Mar de saak gie fallyt en is no nei in renovaasje wer iepen.
De Wyldeman waard boud yn 1773 as loazjemint en herberch. Letter waard it in hotel-kafee. De herberch waard ek brûkt as sintraal plak foar de wedstriidbesprekkings en de protestkommisje fan it skûtsjesilen op 'e Lemmer.