Begelieding Afganistan-gongers

F-16 © ANP
Twa F16's fan de fleanbasis Ljouwert binne sneon belutsen by it weromkommen fan militêren út Afganistan. De F16's begeliede it fleantúch dat de militêren nei de Fleanbasis Eindhoven fljocht. Under de fyftich militêren sit ek in grutte groep fan de basis yn Ljouwert. Se wurde yn Eindhoven ûnder oare wolkom hiten troch generaal Tom Middendorp, de kommandant fan de striidkrêften.