Fertraging by bou akwadukt

10 jul 2014 - 15:31

De bou fan it akwadukt by de Drachtsterbrêge kostet mear tiid as ferwachte. Dat seit projektlieder Jörgen Kleinheerenbrink. De grûnlaach is hurder as tocht. Dêrom is mear tiid nedich foar it wurk.

Fan septimber dit jier ôf soe der in stremming foar de skipfeart wêze, mar dy ferskoot no nei takom jier. It is noch net dúdlik oft de fertraging ek ekstra kosten fan gefolgen hat. It bedriuw Heijmans besjocht de kommende tiid oft de fertraging op de ien of oare wize ynhelle wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)