Fryske amtners faakst siik

10 jul 2014 - 15:04
  • It provinsjehûs yn Ljouwert

Amtners op it provinsjehûs yn Ljouwert binne it faakst siik yn fergelyk mei kollega's yn oare provinsjes. Dat docht bliken út de provinsjemonitor. In provinsje-amtner meldt him yn trochsneed twa kear yn it jier siik. De siikmeldings binne it leechst op it provinsjehuzen fan Drinte en Oerisel.

Neffens de ûndersikers hinget de hichte fan it syktefersom gear mei geslacht, âldens, oplieding en de thússituaasje. It tal sike wurknimmers is yn 2013 wol ôfnaam yn fergelyk mei 2012.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)