Zienn: mear swalkjende jeugd

10 jul 2014 - 12:21

It tal swalkjongeren yn Noard-Nederlân is de ôfrûne tsien jier bot omheechgien. Dat hat der benammen mei te krijen dat de organisaasje foar de opfang fan dak- en thúsleazen, Zienn, mear jongeren wit te finen.

It ferlet oan krisisopfang groeit yn Fryslân. Dat komt om't hieltyd mear húshâldings jildkrapte krije en it hûs út moatte. Zienn helpt dan by it oplossen fan de problemen en by it sykjen fan wenromte. De deiopfang lit in sterke daling yn it tal besikers sjen. Zienn past de dei-opfang mooglik oan, sa stiet te lêzen yn it jieroersjoch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)