Slein mei stoeptegel

10 jul 2014 - 12:06

In 32-jierrige man út Nij Beets is woansdeitenacht ferwûne rekke doe't in 55-jierrige doarpsgenoat him mei in stoeptegel mishannele. Neffens de fertochte hie it slachtoffer oan de Domela Nieuwenhuiswei fjoerwurk ôfstutsen. De manlju krigen dêr spul oer. Dat draaide derop út dat de 55-jierrige de oare man mei de stoeptegel tsjin de holle sloech. It slachtoffer rûn dêrtroch ferwûnings oan it gesicht op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)