Fernielings by bernebuorkerij

10 jul 2014 - 12:01
  • Fernield tagongsboerd by bernebuorkerij yn Drachten
  • Peal troch it rút smiten

By bernebuorkerij De Naturij yn Drachten binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei ferskate saken fernield. Flak nei de fuotbalwedstriid Nederlân-Argentinië waarden twa nije tagongsbuorden stikkenmakke. Der waard ek in peal troch in rút smiten.

Bedriuwslieder Jan de Knegt tinkt dat foar tûzenen euro's oan skea oanrjochte is. Benammen de tagongsbuorden wiene djoer. De bernebuorkerij is wol gewoan iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)