Fytsende heit en bern oanriden

10 jul 2014 - 10:57

In 42-jierrige Ljouwerter en syn jonkje fan 4 jier binne woansdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op it Hofplein yn de Fryske haadstêd. De man fytste mei syn soantsje achterop oer de Sint Jakobsstrjitte nei it plein ta. In 51-jierrige automobilist út Goutum kaam fan it Gouverneursplein. De fytsende heit seach de auto oer de holle en in botsing wie it gefolch.

Heit en soan kamen troch de klap te fallen. Se rekken ferwûne.

Trefwurden: 
ûngelok Hofplein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)